Jacht mei ljochtbak mei net

09 feb 2011 - 20:08

Goed fjouwerhûndert foksen yn Fryslân bliuwe yn libben troch in útspraak fan de Raad van State. Dy wiist nammentlik in fersyk fan de provinsje ôf om foarútrinnend op in definityf beslút de jacht op foksen mei ljochtbakken ta te stean. En sûnder de ljochtbakken sjitte de jagers ûngefear in tredde minder foksen ôf.

In definitive útspraak duorret de provinsje te lang, dus is der besocht tydlik tastimming te krijen. Dat is no mislearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)