Skeaclaim fan 1 miljoen

09 feb 2011 - 19:53

Teater Dok18 tsjinnet in skeaclaim fan 1 miljoen euro yn by de gemeente Dongeradiel. Reden dêrfoar is dat de gemeente trije moanne lyn it kontrakt mei Dok18 opsein hat.

De gemeente wie net tefreden oer de gearwurking mei it teater. It teater sit dêrtroch mei skulden. Dok18 hat sûnt dy tiid konsesjes dien om oan de betingsten te foldwaan, mar dêr hat de gemeente neffens direkteur Viet net op reageard. Dongeradiel seit dat der wol kontakt socht is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)