Weryndieling giet wol troch

09 feb 2011 - 16:27

It stillizzen fan it wurk fan de kommisje fan wizen dy't ûndersyk docht nei de weryndielings yn Fryslân hat gjin konsekwinsjes foar de weryndieling fan Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat. Dat seit boargemaster Hoornstra fan Gaasterlân-Sleat.

De kommisje hat tydlik it wurk dellein yn ferbân mei de útspraken fan deputearre Galema. Hy sei dat der nei de weryndieling grûn fan Skarsterlân nei Hearrenfean gean moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)