GL-Moasje tsjin Galema

Deputearre Sjoerd Galema krijt nije wike in moasje fan wantrouwen. Grien Links stelt him ferantwurdlik foar it tydlik stillizzen fan it wurk fan de weryndielingskommisje. Dy kommisje fynt dat de útlittings fan Galema oer de weryndieling fan Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat ynbreuk meitsje op harren wurk.
Foar de VVD giet in moasje fan wantrouwen te fier, mar ek sy hawwe grutte problemen mei it optreden fan de deputearre.