Caparisminsken oan de kuier

09 feb 2011 - 12:14

Atletykferiening Impala yn Drachten jout oan 30 wurknimmers fan Caparis in kuierclinic. It is de bedoeling dat de meiwurkers fan it sosjale wurkplak op dy wize meidogge oan it maatskiplik libben. It is ûnderdiel fan it programma Proeftuinen Nieuwe Sportmogelijkheden fan it NOC*NSF.

Neist de atletykferiening sille noch trije oare klups meidwaan oan it projekt. It giet om de badmintonklup Drachten, swimferiening DZPC en Judoskoalle Oord.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)