Nij Landal-park op Skylge

09 feb 2011 - 12:11

Fakânsjepark Landal komt mei in tredde park op Skylge. Op it plak dêr't no Hotel Europa stiet komme 79 apparteminten, foar 2 oant 8 persoanen. De fraach is wêrom't Landal nei de twa al besteande parken op Skylge nóch in park oanlizze wol, mar neffens de organisaasje kin dat prima.

De bedoeling is dat de bou fan it park dizze hjerst begjint en dat de ferhier fan de apparteminten yn de simmer fan 2012 los kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)