Gefolgen brân De Lemmer

09 feb 2011 - 12:01

De gemeente Lemsterlân ropt ynwenners op om foarsichtich te wêzen mei roet en polyesterdieltsjes dy't se fine. Sa moatte minsken griente út eigen tún goed waskje foardat se it ite. Dat yn ferbân mei de grutte brân by Polem fan tiisdei.

By dy brân binne roet en polyesterdieltsjes frijkaam dy't oant kilometers fierderop werom fûn wurde. De gemeente makket boarterstastellen skjin, sadat de bern op De Lemmer wer bûten boartsje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)