Fryslân fart ek digitaal

No ek digitaal
De provinsje set dizze wike útein mei twa websiden oer wetter. Kommende freed wurde dy by de iepening fan Boot Holland lansearre. It giet om de online fersy fan de nije wettersportbrosjuere en om de nije ynteraktive webside fan it Fryske Marreprojekt.
Yn de stand fan Boot Holland is ek alle ynformaasje te krijen oer dat Fryske Marreprojekt en de taken fan de provinsje op it mêd fan wetterbehear.