Haarsma net nei Hearrenfean

Anneke Haarsma wurdt gjin boargemaster op It Fean
De Drintske deputearre Anneke Haarsma is net yn de race as boargemaster fan Hearrenfean. Dat lit de provinsje Drinte witte. De ôfrûne dagen waard har namme yn ferskate media neamd. Ta fernuvering fan Haarsma sels, want se hat hielendal net sollisitearre.
De gemeente Hearrenfean moat in oare boargemaster ha, omdat Peter de Jonge yn april ophâldt. Anneke Haarsma komt yn Drinte ek net werom as deputearre nei de steateferkiezings fan maart.