Ynbrekkers pakt yn Aldehaske

Omstanners hawwe tiisdei yn Aldehaske in man oanhâlden dy't mei in oare man ynbrutsen hie yn in auto. De omstanners hiene dat sjoen en koene ien fan de dieders te pakken krije. De oare fertochte naaide hurd út.
De plysje waard belle en dy hat de iene fertochte meinaam nei it buro. Hy neamde de namme fan syn maat. Dy hat him letter sels melden op it plysjeburo.