Nije deibesteging by GGZ

Nije deibesteging foar GGZ-kliïnten
GGZ Fryslân sil tenei de wurk- en deibesteging foar har kliïnten oars ynfulle. Der wurdt mear ynset op resosjalisaasje en re-yntegraasje. De aktiviteiten krije ek in nije namme: MindUp.
De krekte doelen foar it wurk wurde mei de kliïnten fêststeld. GGZ Friesland is noch dwaande om har wurk- en deibesteging ek ûnder de oandacht te bringen by gemeenten en útkearingsynstânsjes.