Snits krijt nierstiensintrum
Yn it Antoniussikehûs yn Snits wurdt takom freed in nierstiensintrum iepene. De meiwurkers fan de ôfdieling Radiology binne de lêste tiid traind om mei d ultramoderne apparatuer te wurkjen. Dêrmei kinne pasjinten no op elk moment holpen wurde.
It sintrum foldocht neffens it Antonius oan in groeiende fraach yn Noard-Nederlân. Foar it sintrum is in nije maatskip oprjochte. De behanneling fan de nierstiennen wurdt tenei yn Snits dien.
Trefwurden:
argyf