Súdwest Frl. yn see mei VVV

Wethâlder Maarten Offinga
De gemeente Súdwest-Fryslân slút him oan by VVV Fryslân. Dêrneist wol de gemeente dat ek de lokale VVV sterk is. Sa moat it de belangen fan de ûndernimmers stypje om de toerist it bêste te betsjinjen.
Neffens wethâlder Offinga moatte ûndernimmers noch mear gearwurkje om toeristen oan de gemeente te binen. De fiif VVV's yn Súdwest-Fryslân sille foar 1 oktober fusearje, se krije foar ien kear in ekstra bydrage fan de gemeente.