Aksje yn it ûnderwiis

09 feb 2011 - 09:35

Fryske skoallen fiere woansdei ek aksje tsjin de oankundige besunigings op 'passend ûnderwiis' fan de minister fan Underwiis. Personiel fan skoallen fan RENN4 mei ûnder oare festigings yn Drachten en Ljouwert giet mei de bus nei Nieuwegein. Dêr is in grutte lanlike manifestaasje tsjin de plannen.

Se meitsje har soargen oer it ferlies fan ekspertise en de kwaliteit fan it ûnderwiis. As de klassen noch grutter wurde is men bang dat it personiel it net mear oan kin en siik wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)