Slop Aris wint krekt fan R'dam
De Friesland Aris liet de eigen oanhang tiisdeitejûn in ferrekt lyts bytsje sjen. Rotterdam, de nûmer lêst mei mar ien oerwinning, waard yn de lêste minuten dochs noch mei 85-80 ferslein. Aris spile sûnder besieling en dêrom like it ferplichte nûmer út te draaien op in blamaazje.
Healwei hie Rotterdam in foarsprong fan ien punt: 40 om 39. Nei it tredde kwart wie dy marzje fiif punten. It waard 78-78 en doe soarge it lêste fjoer foar de amper fertsjinne winst.
Trefwurden:
argyf