Brânwacht is fjoer de baas

© Omrop Fryslân
Op De Lemmer hat de brânwacht om njoggen oere it sein 'brand meester' jûn. Nei ferwachting is de brânwacht noch de hiele jûn dwaande mei neiblussen.
De brânwacht hat úteinlik net mear in grutte blusoanfal dien, sa as earst oankundige waard. It RIVM advisearre om it fjoer safolle mooglik útbaarne te litten. Ek die bliken dat twa tanks mei gefaarlike styreenhâldende hars gjin gefaar mear rûnen.