Gefaarlike tanks noch yntakt

08 feb 2011 - 20:15
Foto: Omrop Fryslân

Twa tanks mei gefaarlike styreenhâldende hars binne yntakt bleaun by de brân op De Lemmmer. Minsken fan de brânwacht hawwe yn baarnende bedriuwshallen sjoen en seagen dat de beide tanks net ûntploft binne. De brânwacht neamt dat in grut gelok.

De styreenhâldende hars is gefaarliker by ferbaarning as de polyester dy't no de loft yn gien is. De brân wurdt stadichoan lytser. Nei alle gedachten duorret it blussen noch oeren.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)