Plysje foarkomt ûntfiering

De plysje seit dat sy tiisdeitemiddei mei help fan Burgernet in ûntfiering foarkaam hat. In mem út de Ljouwerter wyk Bilgaard belle yn panyk dat har eks-man harren twajierrige jonkje meinaam hie yn de auto.
De plysje die in Burgernetoprop om út te sjen nei syn grize Peugeot 407. In Burgernetdielnimmer seach de auto op de Grinzerstrjitwei en warskôge de plysje. Dy hat de man oanhâlden en it jonkje werombrocht nei de mem. De heit is oanhâlden.