Underskieding Martijn Rosier

08 feb 2011 - 15:39

Martijn Rosier krijt woansdei yn Weert postúm it gefjochtsynsynje útrikt. De militêr kaam yn 2007 yn it Afgaanske Uruzgan troch in bermbom om it libben. Rosier krijt de ûnderskieding om't hy yn Afganistan yn in bysûndere sitewaasje bedarre is.

Dêrneist sil der ek noch in brêge op it oefenterrein yn Budel nei him neamd wurdt. Dat betsjut in soad foar de neibesteanden fan Martijn. De 30-jierrige militêr liet in frou en fjouwer bern achter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)