Boat útbaarnd yn Ljouwert

08 feb 2011 - 14:54
It jacht baarnde folslein út (foto Anton Kappers)

In boat op in skipswerf oan de Familie Van de Weijstrjitte yn Ljouwert is tiisdeitemoarn hielendal útbaarnd. De eigner wie op de boat oan it wurk en hie in petroaljekachel oansetten. Dêrby is in stekflam ûntstien. De boat stie daliks yn brân.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De eigner rekke licht ferwûne en is troch meiwurkers fan in ambulânse behannele.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)