EVT komt mei skeaclaim
Rederij EVT komt meikoarten mei in skeaclaim fan 12 miljoen euro nei it ryk en de gemeente Skylge ta. Neffens direkteur Erwin Rob is syn bedriuw mei opsetsin troch dizze ynstânsjes tsjinwurke om konkurrint Doeksen frij baan te jaan.
De diskusje oer in twadde feartsjinst fan Harns nei Skylge spilet al jierren. De saak leit no by de minister.