Doek falt foar 'De Basis'

De Basis hâldt der mei op
De Fryske hiphopgroep De Basis hâldt op te bestean. De leden hawwe tefolle oare saken om noch genôch tiid oan De Basis besteegje te kinne. De groep begûn 2,5 jier lyn en wûn sûnt dy tiid ûnder oare de Kleine Prijs van Friesland. Ek waard der in CD útbrocht.
De Basis hat foar de kommende tiid noch in tal optredens stean, dy gean gewoan troch. It lêste konsert wurdt op 18 maart jûn yn Ljouwert.