Lj.dl. poer op Prorail

08 feb 2011 - 12:31

De gemeente Ljouwerteradiel is poer op Prorail omdat dy begûn it mei it oprêden fan it lêste stikje spoar fan it Dokkumer Lokaaltsje. It giet om it stik grûn fan de fleanbasis nei Stiens. Neffens Prorail moat it stik fuorthelle wurde, omdat it stik gefaarlik is en net goed foar it miljeu.

De gemeente woe it stik grûn lykwols keapje, om it te brûken foar toerisme. No docht bliken dat it stik al ferkocht is oan in tredde partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)