Wol hertklep-operaasjes yn MCL

08 feb 2011 - 12:16

Sikehûs MCL yn Ljouwert mei trochgean mei hertklepoperaasjes fia de ljisk. Dat hat minister Edith Schippers fan folkssûnens it sikehûs witte litten yn in brief. De operaasje wurdt tapast by pasjinten dy't net holpen wurde kinne mei in gewoane operaasje, omdat dy foar har te gefaarlik is. Der is wol in soad fraach nei dizze operaasjes.

De foarige minister woe it tal sikehuzen dat de operaasje dwaan mei beheine ta fiif, it MCL siet dêr net by. Tsjin it beslút kaam in soad ferset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)