Wilders net wolkom by Omrin

08 feb 2011 - 11:28

Offalferwurker Omrin hat in fersyk fan de PVV foar in wurkbesite oan de ôffalferbrâningsoven yn Harns ôfwiisd. Partijlieder Geert Wilders woe letter dizze moanne op besite by de oven. Omrin stiet dat net ta, omdat it bedriuw net brûkt wurde wol foar in ferkiezingskampanje.

Wilders is nei de ferkiezings wol wolkom. Omrin ûntfangt him dan graach, want neffens it bedriuw brûkt de PVV ferkearde arguminten om tsjin de ôffalferbrâningsoven te wêzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)