Slippe mei de trekker

08 feb 2011 - 10:25

In groep learlingen fan de AOC-skoallen yn Ljouwert en Bûtenpost folget tiisdei in slipkursus foar de trekker. De AOC-skoallen dogge dit foar it earst, ek omdat bedriuwen dêrom frege ha. It komt hieltyd faker foar dat de learlingen sa fan de fyts yn in grutte, moderne trekker stappe.

Bedriuwen binne benaud dat der dan flugger ûngelokken mei de trekker barre. In slipkursus moat dit safolle mooglik foarkomme. Moarns krije se teoryles en middeis komt it echte wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)