Tsjûgen socht ûngelok Oerterp

08 feb 2011 - 10:14

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding ôfrûne tongersdeitemiddei op de Hegebrechsterloane yn Oerterp. In 20-jierrige motorrider út Aldegea rekke dêrby ferwûne. De plysje fûn him dêr, de man wie út de tiid. De man is nei it sikehûs brocht. Doe't er oansprekber wie, fertelde er dat er oanriden wie troch in wyt bestelbuske en dêrtroch fallen wie.

De plysje siket minsken dy't wat witte of wat sjoen ha fan de oanriding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)