Problemen Parochiehuis St. Nyk

07 feb 2011 - 20:09

De stichting It Parochiehuis fan Sint Nyk hoecht net te rekkenjen op ekstra jild fan de gemeente Skarsterlân. Nei de ferbouwing fan it sealesintrum twa jier lyn is de stichting yn de finansjele problemen kommen. Der is in tekoart fan 80.000 euro. It sealesintrum draait wol goed, der wurdt in soad gebrûk fan makke.

It kolleezje fan B en W fynt dat de gemeente al mear as genôch bydroegen hat oan de stichting en wol der net noch mear jild yn stekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)