Stekpartij yn Drachten

07 feb 2011 - 19:58

By in stekpartij yn in pizzeria oan de Drachtster Súdkade is moandei oan de ein fan de middei ien persoan ferwûne rekke. It slachtoffer is foar behanneling oerbrocht nei sikehûs Nij Smellinghe.

De plysje hat in ûndersyk ynsteld en koe yn de rin fan de jûn trije fertochten oanhâlde. It is noch ûndúdlik wat de oanlieding west hat fan de stekpartij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)