Yslânske ponnys fertutearze

07 feb 2011 - 18:17

In groep freonen út de Wâlden makket har grutte soargen oer in keppel Yslânske ponnys yn de omkriten fan Broeksterwâld. De bisten binne fertutearze en steane yn in wiet stik greide mei kwalik foer. Ien hynder hat in wûne op de rêch. Guon oare moatte byfuorre wurde.

De freonen ha by de Nieuwe Voedsel en Waren Autoriteit omtinken frege foar de saak. De nVWA hat freed west te sjen mar kin noch net optrede. Se komme dizze wike wer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)