Spoarrails nei Stiens sloopt

07 feb 2011 - 16:17

Prorail giet troch mei it opromjen fan it lêste stikje spoar fan it Dokkumer Lokaaltsje fan de fleanbasis nei Stiens. It spoar moat gau fuort, want it is net goed foar it miljeu en gefaarlik, neffens Prorail.

Minsken dy't belutsen binne by it projekt It Dokkumer Lokaaltsje binne poer oer de sloop. Se wienen noch yn oerlis mei Prorail oer de keap fan it stik grûn mei it spoar derop. Doel is it âlde trasee wer nij libben yn te blazen as toeristyske attraksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)