Fan 'e fyts skuord en berôve

Yn Drachten is sneintejûn in man (25) fan 'e fyts skuord en berôve. Dat barde op de Suderhegewei. Under bedriging fan in puntich ding joech de man syn beurs en telefoan ôf. De dieders binne twa jonges. Se naaiden út yn 'e rjochting fan de wyk De Peppel. De beurs is letter fûn yn in tún oan de Moezel. Der siet gjin jild mear yn.
De plysje siket in reklamebesoarger dy't dêr yn 'e buert wie. Oaren dy't wat sjoen hawwe, kinne harren ek melde.