Man betaast trije famkes
In 28-jierrige man út It Hearrenfean is freed oanhâlden om't er yn Snits trije minderjierrige famkes ûnseedlik betaast hat. Dat soe ôfrûne woansdei bard wêze yn de omjouwing fan de Lemmerwei.
De plysje hie in sinjalemint fan de man. Plysjes seagen in man fytsen dy't dêroan foldie. De man is oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr bekende er syn ûnseedlike dieden.