Heimsinnige kamera fuorthelle

07 feb 2011 - 10:19

De heimsinnige kamera yn in beam oan de Harnzertrekwei yn Ljouwert is fuorthelle. De meiwurkers fan in keunstprojekt fan James Beckett hawwe dat dien. Se wiene benaud dat de bewenners de kamera meinimme soe. Dy wiene lilk en woene net dat de foto's brûkt wurde.

Beckett hie noch twa oare kamera's yn 'e stêd te hingjen. De iene is fernield en de oare stellen. Doel fan it keunstprojekt Wildlife is op in oare wize nei minsken te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)