Wolvegea krijt spoartunnel

Yn Wolvegea komt in trochgong foar auto's ûnder it spoar troch. Fytsers en fuotgongers kinne der ek gebrûk fan meitsje. De tunnel komt by it tsiispakhûs fan FrieslandCampina. Dêr krúst de dyk Om den Noort it spoar en dat is al sûnt lange tiid in knipepunt. Yn de takomst ride twa kear safolle treinen tusken Zwolle en Ljouwert. Dan wurde de problemen grutter, sadwaande de nije tunnel.
De oanlis set ein 2013 út ein en de tunnel moat yn 2014 klear wêze