Sneltsjinst Flylân ferfalt
Fanwege de hurde wyn ferfalt moandeitejûn de sneltsjinst fan en nei Flylân. Dat meldt rederij Doeksen. Der is in ferfangende feartsjinst. Om kertier foar fiven giet de boat fan Flylân nei Harns en om sân oere giet der in boat werom nei it eilân.
De oare boaten nei de Waadeilannen farre wol gewoan neffens skema.