Man dielt fûstslaggen út
De plysje hat sneintemoarn betiid yn in diskoteek op de Ljouwerter Nijstêd in man fan 26 jier út Rinsumageast oanholden foar mishanneling. In 28-jierrige frou út Ljouwert sei dat se op de dûnsflier samar trije fûstslaggen fan de man krige. Doe't in 38-jierrige man út Waarland der tuskenyn sprong, krige hy ek fûstslaggen yn it gesicht.
In 20-jierrige frou út Hurdegaryp dy't helpe woe, waard troch de fertochte yn 'e finger biten.
Trefwurden:
argyf