Autospegels op Skylge fernield

06 feb 2011 - 14:42
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de fernieling fan op syn minst 36 spegels fan auto's dy't parkeard stiene yn acht ferskillende strjitten yn West-Skylge.

In tsjûge seach sneintemoarn om sawat healwei fjouweren dat twa jonges mei donkere jassen mei de fernielings oan 'e gong wiene. Hy alarmearre de plysje mar dy koe de jonges net mear fine.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)