Winst Van Beek en De Jong

06 feb 2011 - 14:26

Lotte van Beek fan It Hearrenfean is opnij Nederlânsk kampioen reedriden by de A-junioaren wurden. Yn Hoorn op iisbaan de Westfries bleau se nei fjouwer ôfstannen Pien Keulstra en Letitia de Jong (Feanwâlden) foar.

Maurice Vriend, yn it reedrydseizoen wenjend yn Nijeholtwâlde, wie de bêste by de manlju A-junioaren. Thomas Krol waard twadde, Frank Hermans tredde. By de B-junioaren waard Antoinette de Jong fan Rottum kampioen, foar Jade van der Molen en Ineke Dedden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)