Undernimmers wolle belesting

06 feb 2011 - 10:27

De ûndernimmersferiening fan Burgum hat de gemeente Tytsjerksteradiel frege om reklamebelesting yn te fieren yn it sintrum fan it doarp. Fan it jild wol de feriening aktiviteiten organisearje yn Burgum. Dêrmei moatte mear minsken nei it sintrum lutsen wurde.

It is de bedoeling dat alle ûndernimmers meidogge, ek de winkelju dy't gjin lid binne fan de ûndernimmersferiening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)