Aris ferliest yn lêste kwart

05 feb 2011 - 22:40

De basketballers fan Aris moasten har oer it ferlies fan tongersdei tsjin Den Bosch hinne sette, want sneontejûn kaam Leiden, de nûmer twa fan de kompetysje, nei Ljouwert.

Yn it Kealledykje wie it de earste helte in echte wedstriid. De Ljouwerters stiene mei rêst 1 punt foar, 39-38. It tredde kwart gong noch ridlik lyk op 58-63. Yn it lêste kwart wie it oer en dien mei de ploech fan Pete Miller. Alles mislearre en sa kaam de einstân fan 69-89 op it boerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)