It Fean lit bang NEC ûntkomme
Sportklup Hearrenfean hat dit jier, ek nei de wedstriid tsjin NEC, noch net in oerwinning helle. Tsjin de ploech út Nijmegen hie dat wol moatten, mar it slagge sneontejûn net om doelpunten te meitsjen. NEC spile ôfwachtsjend en wie allinne in pear kear gefaarlik mei in útfal. It bleau sadwaande 0-0.
By de Feansters wiene Beerens, Elm, Grindheim en ynfaller Dost tichtby súkses. Yn de ekstra tiid hiene Breuer en 'debutant' Djuric de bal op de doelline, mar net der oerhinne.
Trefwurden:
argyf