Knap lykspul Drachtster Boys

De fuotballers fan de Drachtster Boys pakten sneon yn de haadklasse in knap 2-2 lykspul tsjin koprinner Deto út Vriezenveen. De Drachtsters kamen twa kear yn Oerisel op foarsprong mar doe't by 2-2 spilers Martijn Groenewold en Roelof de Jong fan 'e Drachtster Boys read krigen wie in lyk spul it heechst helbere.
Der waard boppedat bekend makke dat spiler Roelof de Jong takom seizoen de oerstap makket nei de Harkemase Boys.