Soad doelpunten op de Bosk

05 feb 2011 - 16:40

De Harkemase Boys ha nei in spektakulêre wedstriid mei 4-4 lyk spile tsjin de Rijnsburgse Boys. Op sportpark de Bosk hiene de Boys de earste helte profijt fan de hurde wyn. Foar de thúsklup skoarden Oebele Schokker en Martijn Barto twa kear.

Krekt foar skoft waard it noch 3-1. Yn de twadde helte kamen de gasten op 3-3. Harvey Bischop sette de thúsploech noch op in foarsprong, mar Jeffrey Winter fan 'e Rijnsburgse Boys bepaalde de einstân op 4-4.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)