Gjin Frysk sukses Weissensee

05 feb 2011 - 14:32

Op de alternative alvestêdetocht yn Eastenryk wie der sneon gjin Frysk súkses. Yn de wedstriid oer 200 kilometer pakte Karlo Timmerman by de manlju de winst, foar Mart Bruggink en Martijn van Es. De bêste Fries wie Martijn Kromkamp fan Wolvegea op it 14de plak.

By de froulju gie de winst nei Mariska Huisman, foar Carla Zielman fan Rottum en Jolanda Langeland. Andrea Sikkema fan Aldeberkeap waard sechsde, Wieteke Cramer fan De Lemmer sânde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)