Spaanske frachtauto raamt hûs
In 47-jierrige frachtweinsjauffeur út Spanje is freedtejûn yn Ternaard tsjin de gevel fan in wenning knald. Neffens de man hie syn navigaasje him nei de Oranjebuorren laat. Dêr krige er yn de gaten dat hy der net del koe.
Hy besocht te kearen. Dêrby rekke er in túnstek en de gevel fan in wenning.