PvdA: tûzenen banen kreëare

05 feb 2011 - 13:17

De PvdA wol de kommende 5 jier mei 400 miljoen tsientûzen nije banen yn it noarden kreëare. Partijlieder Job Cohen slút dêrfoar sneon in konvenant mei de trije belutsen listlûkers. Dat bart yn Bakkefean, by it begjin fan de kampanje foar de steateferkiezings.

De sosjaal-demokraten wolle it jild foaral besteegje yn de sektoaren dêr't it Noarden al sterk yn is. Dat binne ûnder oare enerzjy, wettertechnology en toerisme. De PvdA wol de banen kreëare mei in nij fûns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)