Meiwurker stedstasicht slein

In meiwurker fan stedstasicht is freedtejûn mishannele yn de Minnemastrjitte yn Ljouwert. De man hie in automobilist frege syn auto te fersetten, omdat hy oars in bekeuring krije soe. De man wegere dat en dêrom waard de bekeuring útskreaun.
De fertochte waard lilk, begong te slaan en pakte it slachtoffer by de kiel. Dêrnei ried er fuort. It kenteken en it sinjalemint waarden trochjûn en letter op de jûn koe de fertochte oanhâlden wurde.