Tanke sûnder te beteljen

De plysje hat freedtemiddei in 19-jierrige Ljouwerter en in 25-jierrige Rotterdammer oanholden om't se tankt hiene sûnder te beteljen. Dat wie by in tankstasjon op de Haskerútgong op It Hearrenfean.
It beteljen mei in creditcard mislearre en dêrnei naaiden de beide manlju út. In meiwurker fan it tankstasjon warskôge de plysje en dy koe de fertochten yn Ljouwert oanhâlde. Harren auto is yn beslach naam.