Gjin problemen troch stoarm

It stoarmwaar hat de ôfrûne nacht neffens de plysje net foar grutte problemen soargen yn ús provinsje. Freedtejûn drigen by in tankstasjon oan de Oeriselsestrjitwei by Ljouwert platen fan it dak te waaien, mar mei help fan de brânwacht en in boubedriuw koe dat foarkommen wurde. Wol hat de dyk in skoftke ôfsetten west.
Ut Easthim en Aldeholtpea kamen meldings fan omwaaide beammen.